Streekkrante De Bildtse Post wint Kultuerpriis

11 nov 2015 - 14:35

Streekkrante De Bildtse Post krijt dit jier de Bildtse Kultuerpriis. Dat hat de sjuery woansdei bekend makke. De krante krijt de priis, omdat er al 80 jier in wichtige rol spilet by it yn stân hâlden fan de Biltske taal en kultuer.

De sjuery hopet dat de takenning ek in stimulâns wêze sil om mei it wurk troch te gean, as de gemeente It Bilt yn 2018 opgiet yn in gruttere gemeente. De priis wurdt ein dizze moanne útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)