Skeaclaim fan 380.000 euro foar gas- en sâltwinning

11 nov 2015 - 12:58

Winamer Belang wol in fergoeding foar de skea dy't ûntstien is troch de winning fan gas en sâlt yn Noardwest-Fryslân. De stichting hat by de ûnôfhinklike Gebietskommisje Frjentsjerteradiel-Harns in skeakleem yntsjinne fan 380.000 euro. Mei dat bedrach kin de belangegroep ûndersiken nei boaiemdelgong betelje en skea oan gebouwen werstelle.

Nije wike tongersdei wurdt yn it doarpshûs fan Winaam in ynformaasjejûn hâlden foar bewenners en ynteressearren út de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)