Sintrale As soarget foar ferkeap fan mear huzen yn Dokkum

11 nov 2015 - 12:30

Makelers út Dokkum binne bliid mei de Sintrale As. It noardlike part fan de dyk is koartlyn iepene en dêrmei is Dokkum better berikber wurden. De makelers fernimme no al dat hjirtroch mear belangstelling is foar huzen yn Dokkum en omkriten.

Minsken dy't yn Burgum of Drachten wurkje, sjogge no ek nei huzen yn Dokkum. Neffens de makelers wurde der de lêste tiid hieltyd mear huzen ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)