Tsjerke fan Hegebeintum yn filmke oer skiednis tsjerken

11 nov 2015 - 12:24

De tsjerke fan Hegebeintum is as earste Fryske tsjerke te sjen yn in filmke oer de skiednis en ynterieurs fan protestantske tsjerken. It giet om in projekt fan dr. Justin Kroesen fan it Instituut voor Christelijk Cultureel Erfgoed fan de Ryksuniversiteit yn Grins.

Kroesen hat foar de tsjerke fan Hegebeintum keazen fanwege it bysûndere plak op de terp en it rike ynterieur mei roubuorden en fresko's. Dêrneist wurdt op it stuit de skeane toer fan de tsjerke op in bysûndere wize rêden.

Eigener de stichting Alde Fryske Tsjerken is grutsk dat de tsjerke keazen is foar it projekt.

Trefwurden: 
tsjerke Hegebeintum film
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)