Ynbrekkerstrio út Gouda oanhâlden by Idaerd

11 nov 2015 - 11:31
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdeitenacht op de A32 by Idaerd trije manlju út Gouda oanhâlden, dy't nei alle gedachten op it ynbrekkerspaad wiene. It trio waard oan de kant setten om't se bekenden binne fan de plysje. Yn de auto fûn de plysje allerhande ynbrekkersark. It guod is yn beslach naam.

De trije fertochten sitte noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
ynbrekkers Gouda Idaerd
(advertinsje)
(advertinsje)