PvdA Fryslân wol net dat de opsinten ferlege wurde

11 nov 2015 - 11:04

De PvdA yn Provinsjale Steaten wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten de opsinten net ferleget. Wurdfierder Hetty Janssen sei dat woansdei by de behanneling fan de begrutting.

Troch de opsinten mei 80 miljoen euro te ferleegjen, komt der jierliks in gat fan 20 miljoen euro yn de begrutting, seit Janssen. Oer fjouwer jier sil der dan fierder besunige wurde moatte. Yn stee fan it ferleegjen fan de opsinten, wol de PvdA ynvestearje yn ynnovaasje en it duorsumer meitsjen fan wenningen.

It beslút om de opsinten yn de kommende fjouwer jier te ferleegjen, is in ferkiezingsbelofte fan it CDA. It is opnommen yn it kolleezje-akkoart fan CDA, FNP, VVD en SP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)