Omrop TIP: de iepening fan de Elfstedenhal live yn Bynt

11 nov 2015 - 15:30

De nije Ljouwerter iishal is al sûnt ein septimber iepen foar publyk, mar op woansdei 11 novimber wurdt de Elfstedenhal offisjeel iepene. Bynt is live by it feestlik barren mei in spesjale útstjoering út de iishal wei. De offisjele iepening wurdt dien troch Wim Weenk, de nûmer lêst fan de Alvestêdetocht fan 1997.

Presintator Arjen de Boer praat mei de direkteur fan de Elfstedenhal Johan van der Kooi en Wiebe Wieling, foarsitter fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden. Ek reedrider Jan Roelof Kruithof skoot oan, hy wie de earste toerrider dy’t oer de streek kaam yn 1997.

Roelof Lousma docht ferslach fan it iis ôf en praat ûnder oaren mei it boubedriuw oer it ynnovative karakter fan de Elfstedenhal en mei Alvestêdetochtwinner Henk Angenent. Fierder is in reportaazje te sjen oer de histoarje fan de Ljouwerter iishal.

De spesjale Bynt begjint om 17.20 oere en is ek online te folgjen fia de omropfryslan.nl en de Omrop-app. De útstjoering wurdt fan 18.30 oere ôf alle oeren werhelle op Omrop Fryslân Televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)