Noch gjin nije cao, metaalwurkers gean wer yn staking

10 nov 2015 - 20:15

Wurknimmers yn de metaal sille woansdei stake yn Ljouwert, en tongersdei ek op oare plakken yn de provinsje. Hûnderten metaalwurkers lizze dan it wurk del. Dat is net foar it earst. De metaalwurkers easkje mear lean, mear sizzenskip en bettere wurktiden. Blikfabryk Ardagh yn Ljouwert is ien fan 'e bedriuwen dêr't staakt wurdt.

Yn oktober makken fakbûnen en wurkjouwers yn 'e lytsmetaal ôfspraken oer in nije cao. Foar de grutmetaal binne se der noch hieltyd net út. De bûnen sizze dat der noch mear aksjes folgje, as der gjin akkoart komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)