Gemeente freget bewenners út te sjen nei bernelokker

10 nov 2015 - 17:05

"Wy gripe alle middels oan om dizze saak sa gau mooglik op te lossen". Waarnimmend boargemaster Heldoorn fan Dantumadiel wol dat de bernelokker yn syn gemeente gau pakt wurdt. De man hat ferskate bern lêstich fallen yn Aldwâld en De Westereen. De gemeente freget no yn in iepen brief de befolking út te sjen nei de fertochte.

Ofrûne tongersdei waard in jonkje dat út skoalle kaam troch de man oansprutsen en fêstpakt. De man besocht it bern yn syn bestelauto te triuwen. Dat mislearre doe't it jonkje himsels losskuorde en ûntkomme koe.

Boargemaster Sicko Heldoorn seit dat in iepen brief oer soks net gebrûklik is foar in gemeente. Mar út oerlis mei ferskate basisskoallen hat bliken dien dat in soad bern der foarwei binne troch de bernelokker. Dêrom hat er besletten de iepen brief dochs mar yn te setten. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)