ChristenUnie wol Trekwei feiliger meitsje

10 nov 2015 - 13:07

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol op 'e nij sjen nei de knip yn de N910 by de Strobosser Trekfeart del. De provinsje wol de knip meitsje, sadra't de Sintrale As klear is. Mar de gemeenten Kollumerlân en Achtkarspelen, dêr't de populêre Trekwei trochhinne rint, meitsje harren soargen oer de feiligens fan de dyk.

De Trekwei is in oantal jierren lyn op 'e nij ynrjochte om de feiligens te fergrutsjen, mar der is noch hieltyd in soad slûpferkear. Dat rydt faaks ek noch te hurd, mei gefaarlike sitewaasjes as gefolch.

De fraksje tsjinnet dêrom woansdei in moasje yn wêryn't se de deputearre freget om op 'e nij te sjen nei de ferkearsmaatregels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)