Keunstner Sjoerd de Vries krijt Gerrit Bennerpriis

10 nov 2015 - 12:11

Keunstner Sjoerd de Vries krijt dit jier de Gerrit Bennerpriis fan de provinsje Fryslân. De priis foar de byldzjende keunst wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan in oeuvre of in belangrike ûntwikkeling yn it wurk fan in keunstner. Dit jier giet de priis nei it oeuvre fan De Vries.

De sjuery neamt it in unyk en herkenber oeuvre fan hege kwaliteit dat him noch hieltiid fierder ûntwikkelet. De útrikking is op 20 novimber yn it Fries Museum yn Ljouwert.

It museum stelt it wurk fan De Vries ek tentoan. Dêrneist krijt de keunstner in jildbedrach fan 5000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)