Riedsleden DFM stypje âlden yn diskusje learlingeferfier

10 nov 2015 - 11:05

De fraksjes fan PvdA, D66 en GrienLinks yn De Fryske Marren binne kritysk oer it learlingeferfier yn de gemeente. Om jild te besparjen wol de gemeente de bern net langer thús ophelje. Dat bart op sintrale opstapplakken. De âlden binne op de plannen tsjin en krigen moandeitejûn yn de kommisjefergadering stipe fan de trije fraksjes.

Dy sizze dat de opstapplakken net feilich binne. Boppedat sette se fraachtekens by de kosten fan in buro dat ynskeakele is om de feroarings te begelieden. Ek wurde fragen fan âlden net goed behannele.

De NCPN tsjinne dêrom in moasje yn wêryn't om mear ynformaasje frege wurdt. It kolleezje sei ta foar de kommende riedsfergadering mei antwurden te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)