Eigeners swimbaden protestearje tsjin hegere belesting

10 nov 2015 - 10:30

It foarstel fan steatssekretaris Eric Wiebes fan finânsjes om de belesting op ierdgas mei 5 sint de kubike meter te ferheegjen, sil benammen de swimbaden hurd reitsje. Dat seit direkteur Jelte Dijkstra fan sportsintra De Bildtse Slag yn Sint Anne en It Gryn yn Stiens, dy't beide in swimbad hawwe.

Nettsjinsteande dat Dijkstra al jierren dwaande is mei besparjende maatregels, brûke de swimbaden in soad enerzjy. Dijkstra sjocht gjin romte om noch mear te besparjen, dus sille de kosten aardich omheech gean.

Foar guon swimbaden betsjut dit dat dy yn de takomst slute moatte, ferwachtet Dijkstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)