Plysje fynt trije wapens yn hûs fan Burgumer

10 nov 2015 - 09:53

De plysje hat moandeitemiddei trije wapens fûn yn it hûs fan in 46-jierrige man út Burgum. In tip sette de plysje op it spoar fan de man. Nei fierder ûndersyk besleat de plysje om moandei in ynfal te dwaan. Dêrby troffen de plysjeminsken trije wapens oan. In spesjalist ûndersiket om wat foar wapens it krekt giet.

De Burgumer siet in skoft fêst op it plysjeburo. Hy is heard en mocht dêrnei wer nei hûs. As it ûndersyk fan de plysje klear is, beslút it Iepenbier Ministearje oft de man ferfolge wurdt.

Trefwurden: 
Burgum wapens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)