Ljouwerter smyt stiennen nei trein en byt plysjeman yn earm

10 nov 2015 - 09:43

De plysje hat moandeitemiddei in 37-jierrige Ljouwerter oppakt foar mishanneling en fernieling. De dronken Ljouwerter gong troch it lint op it treinstasjon fan Akkrum. Sa smiet hy stiennen nei de trein. Ien fan de treinstellen rekke skansearre. Plysjeminsken besochten de man te kalmearjen, mar dat slagge net. De fertochte foel de plysjeminsken oan. Hy hat ien plysjeman yn de earm biten.

Uteinlik slagge it om de man op te pakken. Hy sit fêst op it plysjeburo. Wêrom't de man sa agressyf wie, is net bekend.

Treinsteuring

Mooglik dat it te krijen hie mei in treinsteuring, wêrtroch der moandeitemiddei in skoft gjin treinen rieden tusken Akkrum en Ljouwert. Reizgers moasten dêrtroch mei de bus. Se wienen wol folle langer ûnderweis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)