Kollum: "In streep lûke"

10 nov 2015 - 08:37

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Hjerst is it. De beam nimt mei in lyts bûgjen ôfskied fan it blêd. Wolken lizze achter de pûst op de ierde. Stikelbarchjes rinne gnoarjend troch de tún of lizze útsmart as in lyts, puntich kokosmatsje op de sneldyk.

De hjerst is in wûndere tiid. Mar ek in noflike tiid. Want yn de hjerst wurdt der omraak lekker iten en dronken. Ik tink bygelyks oan allegear ferskillende bokbieren, moaie, smaaksume winen en in fariaasje oan hearlike stoofpotsjes. It is in tiid fan wat gas werom te nimmen en stomwei te genietsjen.

Mar dat genietsjen wurdt noch in hiele toer. Want de WHO, de World Health Organisation, jout omtrint alle dagen in warskôging ôf foar dingen dêr’t je kanker fan krije kinne, of foar wat dat op oare wizen min foar de sûnens is. Foarige wike giene de sirenes fan de WHO loeien foar read en bewurke fleis. Spek, ham, salami en byfstik. Dêrfoar hiene se al warskôge foar sûker, suvel, iel, rauwe fisk en spinaazje.

It argumint dat Popeye dêr oait sterk fan wurden wie, smieten se fier fuort. Rund, laam- en bargefleis, rôpen se. Kaffeïne is ek in misdied tsjin de minskheid, krekt as alkohol. En wat te tinken fan pasta en rys, fan fruchtesop, bôle en bûter? Allegear strieminne dingen. Mei sloppe knibbels hat jim tsjinner de foarried- en koelkast ris iepenlutsen. Alles dat ik dêryn fûn, stie op de list fan de WHO. Behalve brune beantsjes en in heal pûdsje pinda’s. Mar dy wiene sâlt, en sâlt is ek net goed.

Ik waard der depressyf fan. Om dat te ûntflechtsjen woe ik in reis nei it bûtenlân boeke. Mar dêr hie de WHO ek in warskôging foar ôfjûn. Reizgjen wie gefaarlik, seine se, kinst der dea oan gean. De frou, dy’t der ek hast depressyf fan waard, woe, om de sinnen te fersetten, de stêd yn om te shoppen. Lykwols hie de WHO ek dêr in warskôging foar ôfjûn. De kâns dat froulju nei it keapjen fan nije klean in akute oanfal fan loksilligens krije, leit op 97%. Fierstente heech, en dus is it advys: thúsbliuwe.

Wat moat in minske nei’t suver alles him ferbean wurden is? Wat bliuwt de man dy’t stil oer de flier stiet, dy’t neat mear ite en drinke en smoke mei? De fraach stelle is him beantwurdzje. Seks. Mar, seit de WHO, orale seks is dwersferkeard. Boppedat is reguliere kopulaasje eins in te grutte belêsting foar it hart en de aorta.

Wat bliuwt in man dy’t net mear ite, drinke, smoke en sekse kin? Krekt, porno. As it Max Planck-ynstitút net nei in ûndersyk sein hie, dat de harsens krimpe fan minsken dy’t geregeld nei porno sjogge. Ergens moat in man in streep lûke. Dat, as ik de kommende tiden hieltyd mear wartaal út begjin te slaan, witte jim wêr’t it fan komt.

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)