''Winkelgedrach fan Friezen moat ûndersocht wurde''

09 nov 2015 - 21:48

Der moat in ûndersyk komme nei it hjoeddeistige winkelgedrach fan Friezen. Dat is de útkomst fan in oerlis tusken alle Fryske gemeenten en deputearre Sander de Rouwe. Dy praten moandei oer de tanimmende leechstân fan winkels.

Gemeenten kinne in better winkelbelied opstelle as dúdlik wurdt hoe't Friezen tsjintwurdich winkelje: wat se wannear hoe keapje. "Yn 2006 waard foar de lêste kear sa'n ûndersyk dien, en dat is mei de komst fan ynternet efterhelle," seit De Rouwe.

Gemeenten wolle graach sels belied opstelle hoe't se de ekonomyske problemen oanpakke wolle. "Gemeenten kinne bygelyks beslute om gjin fergunningen foar winkels mear ôf te jaan yn gebieten fierder fan it sintrum ôf," sa seit Sander de Rouwe. Hy hopet dat it ûndersyk yn 2016 útfierd wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)