Fûgelhelling makket him soargen oer finansjele takomst

09 nov 2015 - 17:40

It roer moat om by De Fûgelhelling yn Oerterp. It tal fûgels en sûchdieren dat opfongen wurdt, nimt dit jier ta oant sa'n 7.000. En dat wylst it tal donateurs fierder ôfnimt. In tredde fan de begrutting komt fan donaasjes. Foarich jier waard it jier ôfsletten mei in eksploitaasjetekoart fan 11.000 euro.

De Fûgelhelling moat dêrom saakliker wurde en neitinke oer nije ynkomsteboarnen. Sa wurdt der oer tocht in eigen dei-opfang foar minsken mei in beheining te iepenjen.

De Fûgelhelling wol ek graach dat gemeenten in finansjele bydrage oermeitsje wannear't in bist út harren gemeente nei de Oerterper opfang brocht is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)