Ynwenners krije ynformaasje oer flechtlinge-opfang yn Grou

09 nov 2015 - 17:30

De ynwenners fan Grou wurde moandeitemiddei bypraat oer de opfang fan 200 flechtlingen yn it doarp. De minsken wurde ûnderbrocht yn Oer 't Hout, dat de ôfrûne dagen mei man en macht ynrjochte is.

De Grousters kinne tusken 17.00 en 19.00 fragen stelle oer de opfang. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders en minsken fan it COA binne oanwêzich om dy fragen te beäntwurdzjen.

De flechtlingen bliuwe fan tiisdei ôf seis dagen lang yn Grou. De earste reaksjes fan ynwenners fan it doarp binne posityf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)