Ynwenners De Harkema en Stynsgea hâlde eigen doarp skjin

09 nov 2015 - 14:33

De pleatslik belangen fan De Harkema en Stynsgea rêde tenei struktureel it swalkôffal yn harren doarpen op. De gemeente Achtkarspelen betellet de doarpsbelangen hjir foar. De Harkema krijt jierliks 4000 euro, Stynsgea 1200 euro.

De bestjoeren fan de doarpsbelangen hawwe wer ôfspraken makke mei allerhande ferienings en klups yn it doarp. It inisjatyf wurket twa kanten op, seit de gemeente: It doarp wurdt skjinner en de klups krije in finansjele bydrage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)