Dosinten folgje faker in oplieding yn it spesjaal ûnderwiis

09 nov 2015 - 12:49

Besunigings, gruttere klassen en mear learlingen dy't spesjale oandacht nedich ha. Dat is de reden dat hieltyd mear leararen fan reguliere basisskoallen harren ek opliede litte ta dosint yn it spesjaal ûnderwiis. "Mei dy kunde steane leararen better foar de klasse", fertelt Marjolein de Zee fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum.

Sy folget sûnt in pear moannen ek in ekstra oplieding. Dêrfoar wurdt se ien kear yn de fjirtjin dagen in dei frijsteld om kolleezje te folgjen.

De Zee kin de oplieding betelje út de leararebeurs, in subsydzje foar basisskoalle-dosinten om in ekstra stúdzje te dwaan. Ut sifers fan it ministearje fan ûnderwiis docht bliken dat twa op de trije dosinten dit jild brûke foar in oplieding yn it spesjaal ûnderwiis, sa meldt Trouw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)