"Minder regels foar minsken yn de bystân"

09 nov 2015 - 10:59

De bystân yn Smellingerlân moat ienfâldiger en sosjaler. De gemeente moat dêrom neffens fiif riedsfraksjes eksperimintearje kinne mei de regels. Sa moat it mooglik wurde dat minsken yn de bystân byfertsjinje sûnder dat se fuortendaliks op harren útkearing koarte wurde. Ek kin it oantal regels wol wat minder, fine de partijen.

Lanlik binne fjouwer gemeenten oanwiisd as proefgemeente en Smellingerlân moat him dêr neffens PvdA, GrienLinks, D66, ChristenUnie en SP by oanslute.

Yn in moasje dy't tiisdei yntsjinne wurdt, roppe de fraksjes it kolleezje op om by de steatssekretaris romte te freegjen foar dit eksperimint.

Trefwurden: 
bystân regels Smellingerlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)