Wa wurdt de nije konsertmaster fan it Frysk Symfony Orkest?

09 nov 2015 - 10:01

It Frysk Symfony Orkest siket in nije konsertmaster. De hjoeddeistige konsertmaster, Koosje Smit, hat oanjûn dat se der nei 28 jier mei ophâldt. Se wol plakmeitsje foar in jongere fioelist. De konsertmaster jout lieding oan de strikers yn it orkest. Dat bestiet út 45 leden en treedt fjouwer oant seis kear yn it jier op, ferspraat oer hiel Fryslân.

De repetysjes binne alle wiken op tongersdeitejûn yn Beetstersweach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)