Fiiftûzen rinners nimme diel oan Berenloop op Skylge

08 nov 2015 - 13:50

Op Skylge is snein de Berenloop. Sa'n 5.000 hurdrinners dogge mei oan dizze 19de edysje. Dêrmei binne alle startbewizen útjûn. Sa'n 700 rinners kieze foar de hiele maraton en de rest docht mei oan de heale maraton.

De Berenloop is ien fan de gruttere hurdrinwedstriden yn Nederlân. De rûte giet ek foar in part oer it strân. De 'kleintje Berenloop' is sneon al hâlden, mei ôfstannen fan 5 en 10 km. Dêr wienen sa'n 600 dielnimmers by.

Trefwurden: 
Berenloop Skylge maraton
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)