Tsjûgen brân Blesdike socht

De plysje siket tsjûgen fan in brân yn in leechsteande pleats yn Blesdike. Fan it gebou bleau troch de brân yn de moarn fan 1 april sa goed as neat oer. Ut ûndersyk die al bliken dat it gie om brânstifting.
Tsjûgen hawwe dy nacht in persoane-auto sjoen by de brân. Dy auto waard bestjoerd troch in man fan tusken de 20 en 25 jier âld. Hy wie al fuort doe't de brânwacht op it plak kaam. De plysje wol no graach yn kontakt komme mei de autobestjoerder, omdat er mooglik belangrike ynformaasje hat.