Plysje siket agressive hûn

11 apr 2012 - 08:36
Foto: Omrop Fryslân

De plysje freget minsken yn Ljouwert út te sjen nei in mooglik agressive hûn. It giet om in brune Bull Mastiff dy't fuortrûn is fan de Roptastate yn Ljouwert. Ek burgernet is ynskeakele om it bist te finen.

Minsken dy't de hûn mei de namme Rocky sjoen hawwe wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
plysje hûn burgernet
(advertinsje)
(advertinsje)