Opsterlân hoecht net opsplitst

11 apr 2012 - 08:00

De gemeente Opsterlân hoecht net opsplitst te wurden, en Smellingerlân en Hearrenfean meie perfoarst net fusearje. Dat stiet yn it nijste fisydokumint fan de provinsje. De ynwenners fan Smellingerlân en Hearrenfean binne net op inoars gemeente oanwiisd en it soene dêrom twa op himsels steande gebieten bliuwe. Dêrneist soe sa'n gemeente in te grut stedsblok wurde.

Neffens de provinsje kinne alle gemeenten yn Súdeast Fryslân selsstannich bliuwe. Wol kin mear gearwurke wurde, bygelyks op it mêd fan toerisme en de arbeidsmerk.

Yn de fisy fan Deputearre Steaten kinne de Waadeilannen ek selsstannich bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)