Plysje yn Fryslân yn aksje

© Omrop Fryslân
De plysje fiert woansdei yn Fryslân aksje foar in bettere cao. Der wurdt al wiken aksjefierd, mar de aksje nimt hieltiid grutter foarmen oan. Woansdeitemoarn komme meiwurkers fan it Korps Landelijke Politiediensten de kollega's yn Fryslân stypjen. Plysjeminsken rinne moarns fan it stasjon yn Ljouwert nei it haadburo oan de Holstmeerweg. Fan njoggen oant ien oere wurdt in wurkûnderbrekking hâlden: dan is der allinne plysje foar needhelp oan it wurk.