Oanbesteging yn ruil foar wurk

Om de kosten fan de bystân leger te krijen, moatte alle Fryske gemeenten oerstappe op it prinsipe fan Social Return. In bedriuw dat in oanbesteging by de gemeente wint, moat dan ek in tal minsken út de bystân oannimme. De gemeente Ljouwert rint foarop yn dizze wurkwize en wol no dat ek oare gemeenten dit prinsipe oernimme. Sa binne by it oanlizzen fan it glêsfezelnetwurk mear as 50 wurkleazen ynset. Yn Ljouwert sil tenei gjin inkele oanbesteging de doar útgean sûnder dat it wat opsmyt foar de kaartebak fan sosjale saken.