Yn maaie jonge see-earnen

10 apr 2012 - 18:51

As alles goed giet mei de briedende see-earnen, komme der de earste wike fan maaie jongen út it aai yn it Lauwersmargebiet. Sûnt 25 maart sit it pearke te brieden. It is de tredde briedpoging fan de see-earnen yn de Lauwersmar. It earste mislearre, ferline jier waard der ien jong grutbrocht. It nêst is sawol oer lân as wetter kwalik te berikken. Likegoed surveillearret Staatsbosbeheer ekstra yn it gebiet om fersteuring foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)