Wer 2 jonges oppakt foar mole

10 apr 2012 - 17:31

De plysje hat tiisdei noch twa jonges oanholden foar de brân yn de mole Windlust yn Boerum. It giet om twa jonges fan 12 en 14 út Dokkum. Moandei waarden twa jonges fan 12 en 14 út Warfstermole oanholden. Sneontejûn baarnde de histoaryske koarnmole ta de grûn ôf neidat der fjoerpylken yn sketten wiene.

De jonges wurde heard en as se meiwurkje meie se dêrnei nei hûs. Der wie in groep fan 5 oant 10 belutsen by de brânstichting en de plysje ferwachtet noch mear jonges oan te hâlden.

Trefwurden: 
Boerum mole
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)