Fryske swimbaden feilich
Fryske swimbaden en swimplakken wiene yn 2011 skjin en feilich. Dat stiet yn in rapport fan de provinsje oer de swimwetterkwaliteit. De 118 swimbaden yn Fryslân hawwe ferline jier alle moannen har swimwetter ûndersykje litten.
By de 48 swimplakken is fan maaie oant en mei septimber twawykliks it wetter ûndersocht troch meiwurkers fan de provinsje en Rykswettersteat.