Mear klachten troch OV-chip

It tal klachten oer it treinferfier is ferline jier ferdûbele neffens it jier dêrfoar, foaral as gefolch fan de ynfiering fan de OV-chipkaart. Dat docht bliken út de jiersifers fan de provinsje oer it iepenbier ferfier. It tal bus- en treinreizgers is gelyk bleaun.
De provinsje is tefreden oer de betrouberheid fan de tsjinstregeling. Treinen ride goed op tiid en der binne minder bussen útfallen. Dat wie ek spearpunt foar ferbettering foar ferline jier.
Dit jier moat it tal klachten nei ûnderen brocht wurde troch ferbettering fan de OV-chipkaartapparatuer en in ynformaasjebus.