Selstraf foar drugshanneler

10 apr 2012 - 16:35
Himp - Foto: ANP

In 27-jierrige man is tiisdei troch de rjochtbank feroardiele ta oardel jier selstraf, wêrfan seis moanne op betingst. De man hannele yn drugs. De grutste partij ferdôvjende middels waard fûn yn in wenning yn Blauhús. Ek waard yn dy wenning in himpkwekerij oprôle.

De straf is gelyk oan de eask. De man is haadfertochte fan in groep fan alve minsken út Súdwest-Fryslân.

Trefwurden: 
drugshanneler
(advertinsje)
(advertinsje)