Auto komt ta stilstân op Dronrypster pealtsje

08 nov 2015 - 11:00

Yn Dronryp is sneintemoarn in auto op in pealtsje op de Hobbemasingel botst. Nei alle gedachten hat de sjauffeur lêst hân fan de sinne dy't leech stie en is sa by it pealtsje opriden. De auto rekke swier skansearre. In brânwachtwein luts de wein los en in berger hat de auto fuortsleept. Ambulânsepersoniel hat de ynsittenden behannele.

Trefwurden: 
plysje Dronryp pealtsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)