Nije merk yn Drachten kin noch wol wat kreamkes brûke

07 nov 2015 - 16:14

De nije merk yn Drachten rint noch net dat it slydjaget. De merk ferhuze oardel jier ferlyn fan it Mûnein by it kariljon nei it Riedhúsplein. Ferskate ûndernimmers binne sûnt dy tiid ôfheakke. Dêrtroch stean der minder kreamkes op de merk.

De ûndernimmers dy't der noch wol stean, sjogge ferskillend tsjin de situaasje oan. Der binne wol wat negative lûden, mar dat is net oer de hiele liny. De merkkeaplju tinke wol dat de slimste tiid foarby is, benammen no't it ekonomysk wer wat better giet.

Trefwurden: 
merk Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)