Crone wol mear opfanglokaasjes foar flechtlingen

07 nov 2015 - 15:12

Der binne wol opfanglokaasjes foar flechtlingen yn Fryslân, mar it is lestich om se yn 24, 48 oeren te regeljen. Dan krije je panykwurk, en dat moat oars. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert nei oanlieding fan de needopfang foar 200 asylsikers yn Grou. De asylsikers dêr bliuwe der 2 kear 72 oeren, fan tiisdei ôf. It is de twadde opfanglokaasje yn de gemeente Ljouwert. Yn it WTC sitte ek 600 flechtlingen. Dy bliuwe dêr it hiele jier noch.

Crone is ek foarsitter fan de feilichheidsregio. Yn dy funksje wol er de kommende wiken yn de mande mei oare boargemasters besjen watfoar lokaasjes der binne. It iene momint binne der in soad nedich, seit er, en dan wer blykt de ynstream in stik leger te wurden. "Het is hollen of stilstaan" seit Crone, "dus laten we een beetje vooruit werken, zodat we plekken op voorraad hebben."

Moandeitemiddei is om 17.00 oere in ynformaasjegearkomste. Dy gearkomste is yn Oer 't Hout sels. Boargemaster en wethâlders fan gemeente Ljouwert en it COA jouwe dêr ynformaasje oer de komst fan de tydlike opfang.  Op de site fan de gemeente Ljouwert stean fragen en antwurden oer de tydlike opfang yn Grou,

Trefwurden: 
Crone Grou flechtlingen opfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)