Grou krijt needopfang foar 200 flechtlingen

07 nov 2015 - 13:47

Oer 't Hout yn Grou is troch it COA oanwiisd as needopfanglokaasje foar flechtlingen. It giet om opfang foar maksimaal 200 minsken, op basis fan 2 kear 72 oeren. Dy giet tiisdei yn. De omwenners hawwe dêr in brief oer krige. Moandeitejûn is der in ynformaasjebyienkomst foar omwenners.

Troch it tanimmend tal flechtlingen yn Europa is it COA drok op syk nei nije opfanglokaasjes, foar koarte en langere termyn. Earder hat Grou ek flechtlingen opfongen yn Oer 't Hout. Neffens de gemeente is dat doe poerbêst ferrûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)