De oplossing om klanten te behâlden? Gastfrijheid!

07 nov 2015 - 13:20

Winkels yn Dokkum, Burgum en Surhústerfean moatte gastfrijer wurde. Derom hawwe lokale ûndernimmers in projekt opset. Se sille by mekoar 'mystery shoppe'. Der wurdt sjoen nei de ûntfangst, de fasiliteiten en it gefoel by de winkel. It projekt moat de winkels helpe om harren gastfrijheid te ferbetterjen. It projekt is opset mei it each op Ljouwert as Kulturele Haadsted yn 2018. Neffens de betinkers heart hiel Fryslân dan gastfrij te wezen.

Der is ek in ekonomyske kant fanút de ûndernimmers. Fanwege de Centrale As is it foar minsken tenei folle makliker om earne oars te winkeljen. Trochgoed gastfrij te wêzen, wolle de ûndernimmers de klanten behâlde.

Yn Burgum is al in test dien. Dêr gie in 'mystery shopper' by de winkels del. Dy hat fyftjin ûndernimmers beoardiele. Mei in sifer fan 76 op 100 skoarden de Burgumer ûndernimmers boppe it trochsneed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)