Jacco de Boer yn lanlik partijbestjoer CDA

07 nov 2015 - 15:28

De Ljouwerter Jacco de Boer stiet sneon kandidaat foar in plak yn it lanlik bestjoer fan it CDA. Hy is yn de race foar partijbestjoerslid sport, kultuer en frijwilligers. Jacco de Boer wurket op dit stuit by Kulturele Haadstêd 2018, en wie dêrfoar aktyf as sjoernalist en programmamakker. Sneon wurdt op it partijkongres yn Utrecht stimd oer syn kandidaatskip.

UPDATE: De Boer waard sneon op it neijierskongres fan it CDA keazen troch de paratijleden fan it CDA. Hy komt dêrmei yn it lanlike partijbestjoer

Trefwurden: 
CDA Jacco de Boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)