Waadferiening fiert 50-jierrich jubileum mei talkshow

06 nov 2015 - 19:55

De Waadferiening bestiet dit jier 50 jier. En dat moat fierd wurde. In talkshow mei bekende filmmakkers foarmet de ôfsluting fan it jubileumjier fan de Waadferiening. Yn de talkshow fertelle de filmmakkers oer har bân mei it Waad en litte se ek fragminten sjen út dokumintêres dy't se oer it gebiet makke hawwe. Dat wurdt ûnder oare dien troch Ruben Smit, bekend fan De Nieuwe Wildernis oer de Oostvaardersplassen.

Neist de talkshow is der in fototentoanstelling en binne der twa Waadfilms te sjen. De talkshow is nije wike snein, by it Noardlik Film Festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)