Nij en duorsum doarpshûs iepene yn Hitsum

06 nov 2015 - 19:27

Hitsum is in nij doarpshûs riker. It besteande gebou is flink opknapt en grutter makke troch der in stik oan te bouwen. By de bou is bot ynset op duorsumens. Sa binne der sinnepanielen pleatst, wurde der allinne ledlampen brûkt foar de ferljochting en is it gebou sa goed mooglik isolearre.

In grut part fan de opknapbeurt is troch de ynwenners sels dien, sy stutsen der sa'n 4.000 oeren yn. Foar de 450.000 euro dy't it koste, koe it doarp in berop dwaan op in tal fûnsen, de provinsje en de gemeente.

Yn it doarpshûs wurde alle jierren sa'n 400 aktiviteiten hâlden.

Trefwurden: 
Hitsum doarpshûs duorsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)