Omrop TIP: Weromsjen mei Weromrop maraton op televyzje

08 nov 2015 - 08:17

Witte jo it noch? Sybe Satellyt, Baas Boppe Baas, Van Tuinen Thús, Skriuwers yn Byld. Allegear programma's út de begjinjierren fan Omrop Fryslân Televyzje. It grut part fan dizze programma's is werom te finen op weromrop.nl, it nije online fideo-argyf fan Omrop Fryslân. Dizze webside mei bylden en programma's yn it tiidrek 1985-2005 waard begjin novimber lansearre troch Henk Kroes

Dizze hiele snein wurde op Omrop Fryslân Televyzje in seleksje fan de programma's fan weromrop.nl útstjoerd. Dat betsjut oantinkens ophelje of mei nostalgy weromsjen op de tiid fan doe. De programma’s dy’t by de Weromrop maraton útstjoerd wurde binne:

• Sybe & Sjef Satellyt (1995)
• Lij Wetter: Alvestêdeportret fan Alde Leie (1998)
• Om Utens (1998)
• Boppedat (1998)
• Geheimen fan it Gea: Rysterbosk (2001)
• De chip hâldt gjin skoft (1988)
• Van Tuinen Thuis: Arie Ribbens (2001)
• Skriuwers yn Byld: it Ald Frysk (1988)

De Weromrop maraton duorret fan 9.00 oant 16.00 oere.

Trefwurden: 
Weromrop weromrop.nl
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)