Nij seaddehûs iepene yn Furdgum

06 nov 2015 - 15:07

It seaddehûs yn Furdgum wurdt freedtemiddei offisjeel iepene. De bou fan de archeologyske rekonstruksje is koördinearre troch it Terpencentrum fan de Ryksuniversiteit Grins. It projekt makket diel út fan it promoasje-ûndersyk fan Daniël Postma nei bou-tradysjes yn it Noard-Nederlânsk kustgebiet.

Hy presintearret freed ek syn boek oer midsieuske buorkerijbou yn it Fryske kustgebiet. Dêryn wurdt wiidweidich ferslach dien fan de bou fan it seaddehûs yn Furdgum.

De rekonstruksje ferfangt it hûs dat yn 2013 foar in part ynstoartte nei swiere reinfal. It nije seaddehûs hat in steviger konstruksje.

Trefwurden: 
seaddehûs Furdgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)