Drachtster bedriuw groeit 503% en wint priis

06 nov 2015 - 14:44

It Drachtster bedriuw Or-Quest hat in Gouden Gazelle Award wûn. Dit is de priis foar in ûndernimming dy't de lêste twa jier de grutste omsetgroei makke hat. By Or-Quest wie dy groei mar leafst 503%.

It bedriuw hâldt him dwaande mei detasjearring yn bou, ynfra en technyk. Neffens direkteur Spijksma profitearret syn bedriuw fan de grutte ynfrastrukstrukturele wurken yn de provinsje en it grutte tal betûfte minsken dat op it stuit beskikber is.

80 % fan de omset makket Or-Quest yn it Noarden, mar it bedriuw wol him ek mear op de rest fan it lân rjochtsje. Om dy reden is ynmiddels ek in fêstiging yn Zwolle iepene.

Yn in oare kategory skoarde autobedriuw Qoets in Gouden Gazelle mei in omsetgroei van 172%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)