Fryske CU-fraksjefoarsitter Haga wurdt wethâlder yn Arnhem

06 nov 2015 - 12:32

Fraksjefoarsitter Anja Haga fan de Fryske steatefraksje fan de ChristenUnie wurdt wethâlder yn Arnhem. Haga sil ein novimber beëdige wurde. Se krijt dêr de portefúljes wmo, duorsumheid en flechtlingebelied.

Haga, 38 jier, wie sân jier lid fan de provinsjale steaten fan Fryslân. Yn 2009 begûn Haga as kommisjelid en se wie fan 2011 ôf fraksjefoarsitter van de partij. Yn 2015 waard Haga útroppen ta bêste steatelid en steatelid mei de measte kennis fan saken.

Oer har kar om wethâlder yn Arnhem te wurden seit Haga: "Ik hou van Fryslân en ik doe het werk in de Friese Staten met heel veel plezier. Maar Arnhem is een prachtige stad waar veel gebeurt, zeker als het gaat om zorg, vluchtelingen en groene energie. Dat zijn thema's die me aan het hart gaan en waar ik me graag voor inzet."

Haga sil yn Dokkum wenjen bliuwe. Foar har nije wurk sil se in appartemint hiere yn Arnhem. "Ik blijf ook in Dokkum wonen. We hebben daar vorig jaar een fijn huis gekocht en ik ben verknocht aan Fryslân."

Trefwurden: 
Anja Haga ChristenUnie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)