Feanster fytster rekket ferwûne troch oanriding

06 nov 2015 - 10:34
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

In frou fan 61 jier fan It Hearrenfean is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de rotonde fan de Haskerútgong yn har wenplak.

It slachtoffer siet op 'e fyts en liet in 51-jierrige autobestjoerder fan De Jouwer net foargean. In oanriding wie it gefolch. In ambulânse hat de frou nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding It Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)