Grutte heechwetteroefening yn Súdwest-Fryslân

06 nov 2015 - 13:41

Yn Súdwest-Fryslân waarden dizze wike saneamde heechwetteroefenings dien. Oan de grut opsette oefenings - mei de namme 'Fryslân Alert' - diene yn totaal 450 meiwurkers fan ferskate organisaasjes mei, lykas de feilichheidsregio, brânwacht, Wetterskip Fryslân, Ryskwettersteat en ek Definsje. 

Oefening goed ferrûn
Direkteur Wim Kleinhuis fan de Feilichheidsregio Fryslân is tefreden oer de aksje Fryslân Alert 2015. Doel fan de oefenings wie om de ûnderlinge kommunikaasje te ferbetterjen en ynformaasje mear te dielen. 

Troch it yn de praktyk oefenjen fan helpaksjes dy't op papier beskreaun steane, is Fryslân neffens Kleinhuis wer in stikje feiliger wurden. Freedtemoarn waard de lêste training holden yn Parregea. Yn dat doarp waard in evakuaasje fan bewenners organisearre fanwegen heechwetter. De koördinaasje waard dien fanút de feemerkhal yn Snits.

Ekstreem heech wetter
Der waard in senario spile wêrby't it gebiet tusken Warkum, Snits en De Jouwer te krijen hie mei ekstreem heech wetter fanwegen in soad rein.

Aktualiteit fan de draaiboeken
Sjoen waard oft alle draaiboeken aktueel binne, mar ek hoe't de ferskate partijen gearwurkje en ynformaasje mei-inoar diele. Dat is wol handich wannear't oefening, gjin oefening mear is. 

Grutste oefening yn Fryske skiednis
De meardaagse krisisoefening is kwa grutte de grutste yn de Fryske skiednis en dêrmei unyk yn syn soart. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)