Frachtwein ramt fiadukt yn Harns

06 nov 2015 - 08:54

In frachtwein ramde freedtemoarn in fiadukt op de Kanaalweg yn Harns. De sjauffeur ried mei de laadbak iepen, mar hie dat net troch. De frachtwein wie by de nije N31 oan it laden en lossen en wie al in oantal kear hinne-en-wer riden. Doe't er klear wie, fergeat de sjauffeur dat de laadbak noch iepen stie.

It is noch net bekend hoe grut de skea oan it fiadukt is.

Trefwurden: 
Kanaalweg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)