Takomst Sawn Stjerren Nijs is ûnwis

06 nov 2015 - 07:53

De takomst fan de hûs-oan-hûs krante Sawn Stjerren Nijs fan Ferwerderadiel bliuwt foarearst ûnwis. Omdat de gemeente syn meidielings tenei mooglik yn de Dockumer Courant pleatst en net langer yn Sawn Stjerren Nijs, soe de krante in grut part fan de advertinsje-ynkomsten kwytreitsje.

Moasje om krante te stypjen
In moasje fan de VVD, PvdA, Gemeentebelangen en ChristenUnie om de krante te stypjen, is justerjûn oanholden yn de gemeenteried. Der wie ûndúdlikheid oer guon sifers. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders koe dêr gjin helderheid oer jaan. Dêrom wurdt der yn desimber wer oer praat yn de gemeenteried. It kolleezje komt dan mei in nij foarstel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)